From Paris with Love - Reisverslag uit Vaucresson, Frankrijk van Sanne Dijkstra - WaarBenJij.nu From Paris with Love - Reisverslag uit Vaucresson, Frankrijk van Sanne Dijkstra - WaarBenJij.nu

From Paris with Love

Door: La Laitiere

Blijf op de hoogte en volg Sanne

13 Februari 2010 | Frankrijk, Vaucresson

Juster ha ik een poepluier ferskjinne... en net fan Margot..
Ik wit net wat Lana tsjinwurdich hat mar se docht pipi en kaka yn har broek, en dat minstens twa kear per dei. Ik sees om it kwartier tsjin har: mast nei de wc? Seit se nee. Dan dwing ik har toch om te gean en inderdaad, dan hoeft se net. Binne
we twa minuten letter wer op har keamer, hat se yn'e broek poept...
Juster wie toch wol it ergste, se wie yn'e diaree, lekker toch dat ik dit even deel. Dus ik har earst mar skjinmeitsje en doe de ûnderbroek boven de wc, nou ik lei yn in stúp wylst ik op'e grûn siet te kokhalsjen. Geweldich dit leven fan in au pair! Ach toch is dit au pair leven better as in au pair leven by Ester.. dank je de ha(r)telijkheid.

Toch begjin ik no wol in bietsje ôf te tellen, komt foaral troch dat poepwaar. De hele tiid mar snie, om myn part mei dy kjeld wol opnukke. Foaral omdat ik myn ferwaarming de helte fan'e tiid op in heal haw te stean omdat Lara de elektriciteit
rekkening fan myn huske binnenkrigen hie... Ja ik bin no ienmaal in kâldklûmer. Dus haw ik mar beslutten om ien of twa kear deis in hi(e)te douche te nimmen, ja it is it ien of it oare.
Ek begjin ik no toch wol in bietsje te ferlangen nei Grins, op keamers en yn'e winter hele dagen clémentines frette mei Fenna (en iederien dy't mar interesse hat). Al wit ik noch net wat ik dan studearje wol, Arabisch is heechstwaarskynlik net myn ropping. Koartom fiel ik my net echt heel nuttich, al ropt myn oeh-sa-Christelijke-freondin-Heather hele dagen dat God my hjir fêst mei in reden hinne stjoert hat. Ach miskien wol. Miskien moat ik better myn bêst dwaan op dat Frânsk, hmm dat moat toch sowieso.
(Even tuskentroch: bedankt foar de peasaaikes mem, ik ha no 15 rigels skreaun en 15 aaikes iten)
(16)

Fierder kriig ik fan thus bericht dat ik jim neat fertel oer myn famylje, jim gjin foto's sjen lit fan myn ûnderkommen, koartom ik skriuw allinne oer myn wiekeinen dy't ik mei Nepalese minsken trochbring of yn Nationale Musea, wêr't ik dan ferfolgens ûninteressante foto's meitsje. Dus sil ik mar wat fertelle oer myn wurkwike, en natuerlik ha'k de poepluiers ek al deelt.
Elke moarn stean ik om 6.45 op, nouja dan giet myn wekker, meastal beslút ik dan om der 7.00 út te gean. Iet ik even lekker myn yoghurt mei muesli (of hoest it ek mar skriuwst) en dan om 7.45 moat ik 'dêr' wêze.
7.45: ik meitsje praktisch elke dei sinaasappelsap, versgeperst natürlich, allinne it beste foar meneer de directeur. Dat is flauw, want hy is heel aardich. Dan meastal in scrambled egg foar Lana en molke mei céréale. 8.00 binne sy beneden, sese we heel aardich 'bonjour!' en gean ik nei boven om har bêd op te meitsjen.
Hmm dêrnei bin ik meastal frij tot 14.00 ofsa, hinget fan de dei ôf. Dan komt Lana thús, pipi dwaan, hannen waskje, boartsje! Liuw my, twa en in heal oere achter elkoar mei har buartsje... je peux pas. Nei twa oeren sit ik swier gapjend yn
in hoekje en lit ik har self wat buartsje. En dan elke jûn om 18.00 nimt se in bad, je rigole pas, elke jûn. En dan sit ik der chillos neist, of ik buartsje The Pink Panter mei har, sy is the Pink Panter en ik bin de méchant (de gemene). It spultjse bestjit út dwaan as of ik de douche/bad doar blauw ferfje, wêrnei't sy der mei roze oerhinne giet, wêrop ik geheel
gefrustreerd der wer oerhinne probearje te ferfjen. Hjir komme myn acteerkunsten tefoarskyn en meastal gniist se har siik, jeej Sanne!
Ek mei se graach 'mort' (dea) spielje, mar dan foaral as se wurch is want dan kin se leze (en ik ek, want dan bin ik meastal ek mort) It grappige is dat Lana altyd de tonge út de moalle stekt (oer de side) krekt as in tekenfilmfiguur. Tekenje kruskes op de eachen en it is perfect! En natuerlik bin ik dan de heldhaftige prins dy't har red troch har in ierdbei fan hout te voeren sadat se wer levend wurd.
Hmm foar de rest is it meastal PetShop foar en nei wêrby't we bisten mei uit-verband-gerukte-hollen prate litte: 'Je vais prendre une douche' "Moi aussi!' 'Je dois faire pipi' 'Moi aussi!'
Ach it is in leaf famke al mei se fan my wol ophâlde mei yn'e broek te poepen. En elke kear seit har mem wer: c'est pas grave Lana (it is net erch) en tink ik: ja lekker, sa bliuwe we oan'e gong.
Tiisdei's en woansdei's binne de 'swierste' dagen fan'e wike. Tiisdei omdat de bern (inclusief buorjonkje Pierre) dan tusken de middei thus komme te iten en de middeis net werom gean nei skoalle. Dus earst is der al de hectiek fan dy bern veilig oan tafel sjen te krijen, wêrnei't der fan my ferwachtte wurdt dat ik de rest fan'e middei de bern fermeitsje. Nouja dêrom bin ik de au pair ek, mar saos ik al sei, gapjend yn in hoekje. Haha, Pierre hie tiisdei sa'n aksje! We buarten 'Monster' en ik wie de méchant, wit net wêrom' t my dy rol altyd tabedeeld wurdt. Ik hie nogal in wiid shirt oan en per
ongeluk doe't ik 'm oppakte gie syn hân by myn shirt yn, nouja it binne bern. Mar Pierre hie der de rest fan de dei in obsessie mei, heeltyd mar de hân heal by myn BH yn stekke en oan it einde fan'e middei frege der wat ik dêr no hie. Nou uuh, wat moest ik dêr op sese. Komt Lana yn ien kear oan: ja, dyn mem hat it ek, en myn mem ek, dat binne dingen foar
froulju Pierre. Ok, bedankt Lana, topkind! Doe't se dy jûne yn bad soe, gie se foar de spegel stean te staren. Dus ik frege wêr't se nei seach, sei se: Je regarde ma boobies.
Woansdei's is Lana frij, dus dan is se de hele dei thus. Gelukkich mei ik altyd wat útsliepe, zalig op in woansdei. Mar dêrnei bin ik der ek tot jûns, dus meastal sa'n 8/8,5 oere. Ik oerleef it wol.
Lara is nei de komst fan Margot wol in bietsje minder uitbundig Amerikaans wurden, mar se docht nog steeds aardig en beleefd, wat ik erg waardere kin. En gelukkich is se no ek wat strikter mei Lana, sadat dy no ek leart dat se net altyd har sin krije kin, hoe't se ek jankt, want dat kin se.
Nou genôch info oer the happy family foar no?

Fijn, dan geane we troch mei myn wiekein, ja ik luid it mar even yn, dan kin de minsken dy't gjin interesse hawwe no ôfhekje. Oars belândst ek mar sa raar midden yn iets wêrneist tinkst: sowe, ik hie it stofsûgjen no ek al dien hawwe kinnen (of kinne hawwen, wha-eva)

Fannemoarn bin ik te swimmen west mei Heather, wat no sawat fêste prik wurdt. Foarige wike wienen we yn in super swimbad, bietsje lyts mar hee it is Parys. Dizze wike..uhm..tsja, wie it iets minder. It wie ten earste stjerrende kâld, dus binne we ûnderweis even yn in tsjerke stoppe om wat op te waarmjen, ik soe ek net mei Heather op'n paad wêze. Dêrnei fûnen we al redelik snel it swimbad, tochten we. Yn'e fierte seachen we allegear buizen en pypen, prachtich! we hienen al heard dat der in grut Aqua Park yn Parys wie! Wy hielendal uitgelaten der op ôf huppelje, jee wat hienen wy toch in goeie keuze makke hjoed. Anticlimax komt no, saos jim al ferwachtsje. It blykte de achterkant fan it Centre de Pompidou te wêzen, it museum. Hmm dus wy om ús hinne sjen en dêr seachen we stean: Douche et Bain. Nouja dat betsjut wetter, it seach der al wat earmlêstich út mar ach. Dus wy de treppen del, nei de kelder en hoppa de frouwendouches yn. We hienen de jas al út, komt der in man nei ús ta rinnen: Un douche? Ja, tuurlijk, en wêr is it swimbad? Oooh nee dy wie oan'e oare kant, dit wienen de douches foar de daklezen.(..) Jasses, wy der snel út, stroffeljend oer de treppen, op nei it swimbad. Ik sil der net tefolle oer sese behalve dat ik waarskynlik 8,5 infectie oprûn haw neist voetschimmel. Ach it wie te ferwachtsjen, neist sa'n endroit.

Om 12.15 haw ik de metro pakt, want ik hie ôfpraat mei de húshâldster, Vangie, Filipino, 26, super aardich. Ik soe har even helpe mei har internet, want yn Parys hast namelik Free Wifi, wat ik sinds koart wit. Allinne hat Vangie (ôfkoarting foar
Evangeline (sa hie Margot no hiete moatten)) totaal gjin ferstân fan kompjûters dus hie ik oanbean om har te helpen. Ok, geef een vinger en ze neemt je hand. Ik ha der trije oeren sitten, allegear dingen te installeren, sân Filipino's om my

hinne dy' t séker weten oer my sieten te praten, oer myn kommunistische lân 'Poland'... of wenne ik huh? op de NoordPool?
Nee minsken HHHolland, Amsterdam! Mar se wienen heel aardich en ik mocht selfs mei ite, twa kear riede wat jongens! Inderdaad, rys(t). Nou dêrnei bin ik mar nei hûs ta gien, waarme douche naam om alle infecties der wer wat út te krijen en aanst sil ik dit stikje even pleatse. Ja, dit is voor-gefabriceerd yn myn keamer, omdat ik ás ik internet ha nooit sin haw om in stikje te typen.

Nicole: top reaksje
Marja: toppie dast komst!
Mem: lêst dit net, omdat se by de ynleiding nei myn wiekein ôfhekke is, mar kin ien har fertelle dat peasaaikes altyd

wolkom binne?
En groetsjes oan iederien!

Tschuss Hoooi

  • 14 Februari 2010 - 15:42

    Heit En Mem:

    Sanne fanke, we sit noch by te kommen, wat een ferhaal yn ienkear.En ek nog helemaaal utlesen, net tocht he! Prachtig stik(je) hjer, we bin wer op'e hichte fan dyn franske leven. Yn it folgende pakketje gjin peasaaikes mar desinfecterende shampoo/douchefris/zeep en voetschimmelzalf!? dikke tut fan us, doeg

  • 14 Februari 2010 - 19:49

    Foppe En Tante Ineke:

    He Sanne, eindlyk wer een ferhaal wer at we efkes foar sitten gien binne, Foppe wat langer as ik, want dy syn fries hat net oer. Wat wer een belevenissen. Mar dat hiene we ek net oars fan dy verwachtte. krekt wer wat foar dy om yn sa`n dakleasen douche te stappen.gatver. En wat die racekak betreft, mar een mooi soad bananen ite litte, hald it fansels wol op.Arabische talen kist jir yn ljouwert ek wol learre, harkje mar goed ast der omrinst. Do bist wol wat een type foar it sociale wurk.En oars kist altyd noch skriuwster wurde, oan fantasy gjin gebrek.Noch mar een protte suc6 mei it fermeitsjen fan Lara, wy waarden ek net altyd bezighalden troch beppe, lit har sels mar wat fernuverje. kist altyd noch wat bystjoere at it moat. Dikke tut fan us.

  • 17 Februari 2010 - 10:23

    Marja:

    Sanneke.. hoe zit je 2 t/m 4 (of 5) april? Anders kom ik dan even bij je langs?

  • 25 Februari 2010 - 13:08

    Eline:

    Hola mi amor!

    Eindelijk lees ik weer een blog van je, soy una mierda! Lo siento mucho! Hoe gaat het met je meid? Klinkt allemaal heel anders om op zo´n kleine meid te passen. Heb je al een einddatum? En mijn kaartje al ontvangen?
    Hasta pronto chica!

    Besitos vanuit een regenachtig Madrid,

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Frankrijk, Vaucresson

La Vie en Rose

Recente Reisverslagen:

16 April 2010

Chanson pour une drole de vie

13 Februari 2010

From Paris with Love

04 Februari 2010

Margot is er!

04 Februari 2010

Margot is er!

14 Januari 2010

Je suis....
Sanne

Actief sinds 17 Juli 2009
Verslag gelezen: 324
Totaal aantal bezoekers 58570

Voorgaande reizen:

01 September 2009 - 01 Juli 2010

La Vie en Rose

Landen bezocht: