Parijse Poeprivier en andere spannende avonturen - Reisverslag uit Versailles, Frankrijk van Sanne Dijkstra - WaarBenJij.nu Parijse Poeprivier en andere spannende avonturen - Reisverslag uit Versailles, Frankrijk van Sanne Dijkstra - WaarBenJij.nu

Parijse Poeprivier en andere spannende avonturen

Door: La Laitiere

Blijf op de hoogte en volg Sanne

18 Oktober 2009 | Frankrijk, Versailles

Nei in lange tiid dan eindelik wer in nij stikje. Mem sei dat der minsken op sieten te wachtsjen, oeh betekent dit dan dat ik trouwe aanhangers ha yn it fiere Easternijtsjerk?

Gjin flauw idee hoe lang it lyn is, myn lêste stikje, mar inmiddels haw ik alwer wat interessante dingen dien. Ja de interessante dingen gebeure meastal bûten de famille om.. Elke dei binnen de famille is eins itselde. Daphne wurdt mei de dei better, al hat se soms noch har slechte mominten. Sa moest se lesten übersnel yn bad mar natúúrlik gie se krekt doe wer seuren. Úteindelik hie'k it safier dat se mei wetter begún te spatten en krijse om't libben natuerlik. Nou, dêr kaam se út bad, woedend, rukte de handdoek út myn hannen en op nei beneden, nei mem. Hie se it wer foar elkoar, mocht se in kertier langer yn bad bliuwe. Poep, tocht ik, dan is it ek net myn skuld as de rest net op tiid klear is, wat it gefal wie, mar der waard net moeilik oer dien.. maagsweer foar niks.
It stryken is noch steeds deselde 'amount'. Moandie is foar my in prachtdei, ik iepenje de doar, rin nei de foarriedkast, klik it ljocht oan en dêr iepenbaart sich oan my it strykwurk foar de wyke. Meastal gniis ik der om wêrnei ik twa kear k-u-t sees en my lûdop ôffreegje wêrom't se gjin oare waskmachine keapet.
Ek ha'k inmiddels twa nije nammen krigen: Zahne en Sanne Linda (spreek uit: Lienda). Foar Foulques bin ik slagroom en wêrom't Felix my Sanne Linda nimt is my nog steeds een riedsel.

Mar ik wie dus bezig mei de interessante dingen dy't ik bûten de famille om doch. Myn wiekeinen binne meastal completely packed, iederien hat wol een museum dy't besjoen wurde moat of restaurantsjes dy't útprobearre wurde moatte. Twa wiekeinen lyn bin ik mei Tina nei Parly 2 west, in enorm winkelsentrum krekt bûten Versailles. Tina hie in kompleet nije outfit kocht dy't dy jûnes yn Parys showt wurde moast. Allinne nei de sushi (jam jam) wie it al njoggen oere en ik hie 0,0 sin om no noch yn de trein nei Parys te gean. Dus we hienen mar besletten om elk nei ús eigen hûs te gean en mar lekker te gean koessen.
Om 23.40 bellet se my: Hee San, wanna go to Paris? Uuhm, nee.... Oh please come with me! Uuhm nee... Please..? Ok..
Om 0.20 ha we de trein pakt, blykt dus dat se my mei lokt hie om in Deense freon fan har te ontmoeten, cute guy, sei se. We hawwe de metro pakt nei La Bastille wêr't we direkt yn in enorme fjochtpartij terjochtkamen, de politie moest der noch oan te pas komme, ach allegear heel gesellich natuerlik. Yn in achterôfcafé ha we wyn dronken foar €4, wêrnei't we der út skopt binne omdat alles om 1.30 ticht giet...
Oh mar Parys ferfeelt dy nooit dus ha we in broadsje kocht op strjitte (dokter van der Lught, bedankt foar de Hepatitis prikken) en binne we oanskood by in iepenljoft tsjerke tsjinst. Serieus wier, de brieven van Johannes waarden om 2.00 yn'e nacht foarlezen oan dronken apen en kreupelen.
Gelukkich wie it dy jûnes Nuit Blanche, wat betsjutte dat alle musea yn Parys de hele nacht iepen wienen en delen van de metro's ek. Probleem wie dus dat it like as wie heal Parys op de been en dêrom sieten alle bussen tot de nok ta fol. Tina en ik moesten selfs de doarren fan in bus tichttráápje omdat ien syn kont krekt net mear yn'e bus paste.
Om 4.15 hienen we mar besletten dat we úsself yn de folgende bus proppe soenen. Grap wie dat de folgende bus fol siet mei swarte jongeren dy't noch al luidruchtig wienen. Ach se blykten heel aardich te wêzen en selfs noch in wurdsje Nederlânds te praten.
De famille siet dat wiekein krekt yn hun fakânsjehûs yn Bourgogne en soenen dy sneines wer thús komme. It hele wiekein wie'k sa lui as in baarch west, dus de ôfwaskmachine siet noch fol. Ik wie as de dea dat se dy moarnes thús soenen komme en dat ik dan noch mei myn luie reet yn bêd leze soe, dus haw ik doe't ik thúskaam út Parys noch mar snel wat dien. Dat betsjut dus dat ik om 6.00 yn'e moarnes mei myn sloeche holle de ôfwaskmachine út stie te rûmjen.

Foarich wiekein bin ik nei de poeprivier fan Parys west. De American Jessica hie in leuke studentengids en dy riede ús oan om de rioalen fan Parys te gean besykjen. Aldermachtig wat in ontsettende stank! Der wienen allegear roasters oer de poeprivieren lein, mar dêr sette ik gjin stap op. Wa wit...
Gadver, en dan te betinken dat der elke dei 900 minsken yn de rioalen werke, ik soe al myn klean ferbane..

Dan dit wiekein. Justerjûne bin ik mei in groep Nederlânske fammen yn Parys út iten west. Op it lêste momint bin ik noch mei Yara meigien en it wie echt supergesellich! We sieten mei njoggen fammen yn in chique restaurant yn hartje Parijs, top toch?
En hjoed bin ik mei Sanne, Jessica, Tina en cute guy Marius te hiken west. We hawwe in super wandelroute dien krekt búten Versailles. We binne fjouwer oeren ûnderweis west, dus ik bin bang dat ik moarn net mear opstean kin, mar it wie echt super moai.

Oh en freed komt Fenna! Oh dizze wieke kin ik stryke om't leven, Daphne mei in smile yn bad dwaan, neffens my kin ik wol acht Daphne's oan, want Fenna komt freed!

Mar foar no... Foulques moat syn sin ha en achter internet, Félix wurdt achter de computer wei stjoert en Ester is iten oant klear meitsjen mei fjouwer seurende bern om har hinne...Pff, de bern binne echt heel dramatisch. As der iets is dan is dat it einde fan de wereld, in bietsje relativeringsfermogen a.u.b! Wat bin ik bliid dat ik aanst yn bêd lees.. No way, nóóit fjouwer bern foar my, en nóóit in au pair! En as der al bern komme, dan wurde se nuchter opfoed, ach miskien mei in bytsje Nederlânske weakheid. Sees ik no, seit mem dan.

Ps: Biberons binne drinkflessen mei in speen. En nee ik meitsje gjin grapke, myn bern drinke der allegear noch út. Wat? Dat spul foar baby's, dat mixt wurde moat mei molke, Nutrilon ofsa..? Wurde se grut en sterk fan!

Pss: wol wat in lang ferhaal net?



  • 18 Oktober 2009 - 18:50

    Renske:

    Gelokkig wer in ferhaaltsje, ik makke my ek ol soargen....
    Enfin, dan jouwst dy hapsnurker toch gewoan Bambix. Ek superspul!

    No de heu!

  • 18 Oktober 2009 - 21:36

    Annie:

    Ooh Sannie..

    Ganz ganz toll allemaal weer. Good luck for the weekdays en doe Fenna de groetjes ;)

    xxxxx

  • 19 Oktober 2009 - 09:46

    Tante Ineke:

    he, he, endelijk wer een ferslag en wat foar ien. Ik wie al bang dast niks mear meimakest dere.Wat bist ek een ald feestbeest om nachts noch een kear op stap te gean( bist wol makkelijk oer te heljen trouwens)mar do hast gelyk, nim it der mar fan, ast letter een hok fol mei grieners hast is der gjin tiid mear foar.Wat dat striken oangiet, ferstan op nul en gewoan trochgean. It is krekt sa`n putsje wer ast net by nei hoest te tinken.En hast ek noch wat opstutsen fan Johannes syn brieven? Wer foelen jim under, de kreupelen as de dronken apen? Ik kin it hast wol riede!!!!No Sanne, ik bin bliid dat we wer wat fan dy heard ha. Ik soe sizze, geniet der fan dat Fenna straks bei dy komt, hast wer een medestrijder. Hast wol ferstjinne. Dikke tùt fan ùs.

  • 19 Oktober 2009 - 13:28

    Fennie:

    Sannie, ben je online?

  • 21 Oktober 2009 - 11:50

    Liviusen Alie:

    Dyn ferhalen kin net lang genÔch duorje, wij fyn it hiel aardich om dy wat te folgjen. Wij haw it mar drok mei al dy ùthùzige froulju..
    En do kinst alles even lekker fan dy Ôf skriuwe!
    Sanne , genietsje fan dyn dagen mei Fenna , jim haw it fertsjinne !!
    p.s en wol in bytsje op har passe, Strasbourg is fansels in gat yn fergeliking mei Paris ..
    (grapke Fen )

  • 21 Oktober 2009 - 12:37

    Eline:

    Lieve Sanne,

    Even een korte reactie, want heb je al uitgebreid gemaild. Je weekenden klinken echt top! Zo te horen ken je ook al heel veel mensen daar.

    Je blijft wel trouw aan je lezers in Easternijtsjerk met je Friese verhalen (moet toegeven dat ik meer tijd nodig heb het te lezen...)

    Besos uit Madrid!

  • 22 Oktober 2009 - 17:48

    Heit En Mem:

    Neat te lang ferhaal fanke, it ferfeelt us nooit! Sil it eefkes utprinte foar pake en beppe,dy bin nog yn e waan dasto der foar de bern en de hushalding bist haha. Mar lekker tegearre geniete de kommende wike. Sneon wer een hapke geestelijke voeding fan Johannes? Doeg

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Frankrijk, Versailles

La Vie en Rose

Recente Reisverslagen:

16 April 2010

Chanson pour une drole de vie

13 Februari 2010

From Paris with Love

04 Februari 2010

Margot is er!

04 Februari 2010

Margot is er!

14 Januari 2010

Je suis....
Sanne

Actief sinds 17 Juli 2009
Verslag gelezen: 250
Totaal aantal bezoekers 58570

Voorgaande reizen:

01 September 2009 - 01 Juli 2010

La Vie en Rose

Landen bezocht: